Home | Sykje yn it netwurk | Oanmelde | Ynlogge  
 

Fryske studinteselskip
BERNLEF

F. F. J. Bernlef
De Feriening foar Fryske Jongerein Bernlef is yn 1925 oprjochten as in Studinteselskip foar Fryske Stúdzje (S.F.F.S.), mei as doel it behâld en it befoarderjen fan it Frysk űnder de Fryske studinten yn Grins. Tsjintwurdich draait it by Bernlef foaral om de geselligens. It Frysk is de binende faktor foar fier útienrinnende types fan minsken. Bernlef hat in iepen en eigen karakter, wat ta útdrukking komt yn it feit dat der gjin ‘ontgroening’ is en ek gjin oare foarm fan ferplichte yntroduksje. Sűnt 1972 hat Bernlef harren eigen pân, 'De Pizel', oan de Tuinstraat 22 yn Grins. Yn 2010 sil Bernlef har 17e lustrum fiere mei allerhande moaie en úteinrinnende aktiviteiten.

Ludike aksjes
Bernlef stiet foaral bekend om ludike aksjes dy’t wat mei it Frysk út te stean hawwe. In goed foarbyld is de Fryske Kameleonfilm “De Kameleon Sjocht yn it Waar”, dy’t yn 2002 makke waard as oanklacht op it plan fan regisseur Steven de Jong in Kameleonfilm yn it Nederlânsk te meitsjen wylst de ferhalen harren yn Fryslân ôfspylje. Neist in soad bekendheid kriech Bernlef hjir helaas ek in boete fan 11.300 euro foar, en mocht de film nea mear fertoand wurde. Om dizze boete te beteljen is yn de simmer fan 2008 de trije-daagse Benefytsaksje organisearre. Hjiryn waard de Alvestędetocht ôflein mei in bierfyts, en waarden der űnderweis moaie feesten en aksjes organisearre yn Frjentsjer, Dokkum en Snits. 

 




 

Federaasje foar Fryske studinteferienings
Bernlef is ek oansluten by de Federaasje foar Fryske studinteferienings, dy’t bestiet sűnt 1930. Tsjinwurdich bestiet de Federaasje noch út Bernlef en WSSFS út Wageningen. Elts jier tusken kryst en âld en nij wurdt noch it krystkongres organisearre troch de federaasje. Dit is in twa-daags kongres yn De Bogt fen Guné te Frjentsjer, de âldste sudintekroech fan Nederlân.

Foar elts wat te dwaan
By Bernlef is foar elts wat te dwaan; fan keatsen oant fuotbaljen, fan tegearre nei in fuotbalwedstryd fan it Hearrenfean oant kampen, fan in literęre jűn oant in politike jűn, fan in moai feest mei Piter Wilkens oant ręstich in bierke drinke oan de bar. En ast sels in goed idee hast foar in aktiviteit kin dizze altyd útfierd wurde, neat is te gek!


Kom dus del by Bernlef, en ferken dyn Grins!
Mear ynformaasje: bernlef.com

<< Back to previous page

Reagearje
Namme
Wenplak
E-mailadres

Reaksjes  
MRyoSxySM:
QMO2wZ xzuincstzlhi, [url=http://lhapicegoier.com/]lhapicegoier[/url], [link=http://othdqcjaxcmk.com/]othdqcjaxcmk[/link], http://suiwkvvfzzuo.com/
Op 15-04-2012 om 04:14 uur.


Mei Fryslân Ferbynt helje jo it bęste út in ynternasjonaal netwurk. It kostet jo neat. Noch gjin lid?


14.03.2011 / Algemien
Frysk Bloed ien Kanada
Fuort nei de Twadde Wrâldoarloch lutsen hűnderten Friezen nei Noard-Amearika. Haye Witteveen fan Mullum wie 19 jier doe't er yn 1947 mei de earste boat mei emigranten nei Kanada reizge. Hy rekke oant wurk by kunde fan syn heit. Letter krige er in baan yn in abattoir. Fryslân DOK socht de Godfather fan it Fryske hynder yn Kanada op by Toronto.
 
16.02.2011 / Eveneminten
Utwikseling yn Hamilton
Goed 400 Fryske Nij-Seelanners kamen sneon op in grutte útwikseling yn Hamilton ôf. Ek sa'n 60 Friezen reizgen ôf nei de oare kant fan 'e wrâld om de bysűndere dei mei te meitsjen.
 
21.10.2010 / Eveneminten
2012 is it jier
Yn in perioade fan in tal wiken fynt in 2012 in ynternasjonaal eveneminteprogramma plak dęr’t de Fryske kultuer, histoarje en ekonomy sintraal yn steane.
 
14.10.2010 / Eveneminten
Friezen yn Nij-Seelân organisearje Frysk evenemint
Der wenje hast 11.000 minsken mei Fryske roots troch hiel Nij-Seelân. Yn febrewaris 2011 wurdt in meardeisk evenemint holden yn Nij-Seelân en dęr wurdt elkenien dy’t him ferbűn fielt mei Fryslân útnoadige.
 
12.10.2010 / Nijs
Slagge minysympoasium Undernimme yn Nij-Seelân
Woansdei 6 oktober wie der it minysympoasium \'Suksesfol űndernimme yn Nij-Seelân\', organisearre troch Fryslân Ferbynt yn Ljouwert.
 
28.09.2010 / Eveneminten
Earste oanmeldings Nij-Seelân ynkommen
De earste oanmeldings foar it Fryske evenemint yn Hamilton, Nij-Seelân binne ynkommen; fan Friezen út Nederlân oant Nij-Seelân, fan partikulier oant űndernimmer en fan earste oant en mei tredde generaasje Friezen.
 
22.09.2010 / Algemien
Fryslân Ferbynt biedt in staazjeplak yn Bali
Staazjerinne yn Yndonesië? Mei tank oan it netwurk fan Friezen oer de hiele wrâld biedt Fryslân Ferbynt de mooglikheid om staazje te rinnen yn Bali.
 
24.07.2010 / Eveneminten
Fryslân yn neijier yn it teken fan talint
Yn Fryslân wurde dit neijier 9 eveneminten hâlden, dy\'t allegearre yn it teken fan Frysk Talint steane. Talint is der folop, mar we dogge der te min mei.
 

 << Foarige paginaFolgjende pagina >>